Golfoerslach-simulaasje It Fean

© Omrop Fryslân
Rykswettersteat hat in golfoerslach- simulator meitsje litten, dêr't de sterkte fan de Fryske seediken mei test wurde kin. Fiif jier lang wiene der al plannen foar sa'n simulator. Freed waard der op It Hearrenfean foar it earst test.
It idee om de simulator te bouwen kaam fan sektormanager wetterkearen, Jentsje van der Meer. Yn it ferline waard der allinnich test yn in testhal. Op lokaasje teste is better.