Eksplosiven oprûmje by Hieslum

© Omrop Fryslân
Yn de omjouwing fan Hieslum is freedtemoarn in needferoardering fan krêft wurden om derfoar te soargjen dat minsken net te tichtby it oprûmjen fan eksplosiven komme. Boargemaster Theunis Piersma fan Wûnseradiel hat de needferoardering opsteld.
Yn de Twadde Wrâldoarloch is der by Hieslum in munysjetrein ûntspoard troch it Frysk ferset. Der lizze oeral granaten en oar gefaarlik guod. Dat moat fuort om't der in gaslieding komt.