Azc Lemmer bliuwt langer iepen

© Omrop Fryslân
It azc op De Lemmer bliuwt twa moanne langer iepen. It sintraal orgaan foar de opfang fan asylsikers, it COA, hat dat yn oerlis mei de gemeente Lemsterlân besletten. It sintrum sil no ticht op 15 oktober.
It opfangsintrum bliuwt no earst noch iepen, omdat it COA te min opfangplakken hat. Der is dêrom tydlik ferlet fan ekstra plakken. Gesinnen mei bern dy't nei skoalle moatte, ferhúzje wol nei in oar plak.