Remise tusken Werle en Visser

© Omrop Fryslân
De Friezen Jan Werle en Yge Visser hawwe tongersdei yn de fyfde ronde fan it Nederlânsk Kampioenskip Skaken remise tsjin elkoar spile. Jan Werle stiet op it stuit op in dield fyfde plak yn it tuskenklassemint mei 2 1/2 punt. Visser stiet mei Jan Timman op it dield tsiende plak mei oardel punt.
Tiviakov út Grins hat de koppoasysje mei 4 punten. It Nederlânsk Kampioenskip Skaken telt yn totaal 11 ronden en wurdt spile yn Hilversum.