Night of the Proms Hearrenfean

© Omrop Fryslân
It Hearrenfean stiet op 1 july foar de tsiende kear yn it teken fan de muzyk. It is dan de saneamde Hearrenfeanske Night of the Proms. Tsien dweilorkesten skarrelje oerdei troch de binnenstêd.
Jûns wurdt grut útpakt op it poadium yn it sintrum tsjinoer Crackstate. Jan Akkerman, Linda Wagenmakers, Femme Vocale en tal fan oare artysten bringe in fariearre muzykprogramma, mei rock, popclassics, klassyk en musical.