Van Wieren ek lanlik bekend?

© Omrop Fryslân
De winners fan Liet 2005, de Fryske band Van Wieren, wol lanlik trochbrekke mei de CD-single 'Nim dyn tiid'. De CD is opnommen yn Ljouwert en komt oer in moanne út. Van Wieren soe nei De Kast, Twarres en Nynke Laverman de fjirde Frysktalige band wêze dy't nasjonaal sukselfol is.
Der bestiet ek in mooglikheid dat de groep ynternasjonaal trochbrekt.Yn oktober treedt de band op op Liet Ynternasjonaal yn Sweden.