Fernielings yn Frjentsjer

23 jun 2006 - 11:02

Der wurdt yn Frjentsjer de lêste tiid hieltyd mear fernield, op de rûte fan it sintrum nei de wenwiken. Dat seit de plysje. Dy krijt de lêste wiken geregeld meldings fan fernielerij.

Fannewike is der op de rûte fan it sintrum nei de Keatserswyk fan alles fernield. Der binne spegels fan auto's ôftrape en der binne konteners omsmiten. De plysje freget tsjûgen oft se har melde wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)