'Gjin wachtlisten thússoarch'

© Omrop Fryslân
Thússoarch-organisaasjes Samenzorg en Kraamzorg Noard-Nederlân sizze gjin wachtlisten te ferwachtsjen troch it miljoenetekoart dat driget foar de soarchsektor. Se sizze noch genôch jild te hawwen om minsken te helpen.
Earder dizze wike makke de Friesland Zorgverzekeraar bekend dat se in tekoart fan 15 miljoen euro ferwachtsje op it budzjet fan de thússoarch, geastlike sûnenssoarch en handikaptesoarch.