Supermerk Talant wint priis

23 jun 2006 - 10:49

De supermerken fan soarchynstelling Talant ha de 'Best Best Practice Award' krigen. Dit is in priis foar it bêste idee op it mêd fan sûnensoarch, wolwêzen en wenjen. Yn de supermerken fan Talant wurkje minsken mei in ferstanlike beheining.

Yn Fryslân binne hat Talant supermerken yn Aldeberkeap, Wurdum en Toppenhuzen. De priis bestiet út in oarkonde en in wiidweidige parsekampanje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)