Dochs sintrale op Ekopark?

© Omrop Fryslân
De kâns dat der in reststoffe- enerzjysintrale komt by Ekopark De Wierde by Aldehaske is ynienen flink grutter wurden. De gemeente Skarsterlân wol net meiwurkje oan de komst fan de enerzjysintrale, dy't draaid op it ferbaarnen fan smoargens.
Offalferwurker Omrin oerwaget no om de sintrale inkelde meters fierderop del te setten, op it grûngebiet fan de gemeente It Hearrenfean. Dy gemeente wol wol meiwurkje.