Jild foar miljeu Waad & Noardsee

© Omrop Fryslân
It Ryk ynvestearret de kommende jierren goed 7,5 miljoen euro yn de bestriding fan miljeufersmoarging op it Waad, de Noardsee en yn de Sieuske Delta. It jild is benammen bedoeld foar de oanskaf fan nij materiaal, lykas boaten, oaljebeskermende bakken en fangnetten foar smoargens.
Rykswettersteat hie it Ryk frege om it jild, omdat út ûndersyk bliken die dat de organisaasje op it stuit net genôch taret is op in grutte miljeuramp.