Protokol feiligens swimbaden

22 jun 2006 - 16:25

Minsken dy't foar oerlêst soargje yn it swimbad, wurdt yn de takomst stranger oanpakt. De feriening Sport en Gemeente is dwaande dêrfoar in protokol op te stellen foar de trije noardlike provinsjes.

It protokol moat derfoar soargje dat it feiliger wurdt yn it swimbad. Dat betsjut ûnder oare dat ien dy't foar oerlêst soarget yn in bepaald swimbad, ek net mear wolkom is yn oare swimbaden yn de noardlike provinsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)