Rampeplan bedriuweterrein

22 jun 2006 - 15:16

Sûnt tongersdei is offisjeel in rampebestridingsplan fêstlein foar it gefal der brân útbrekt op it bedriuweterrein tusken De Jouwer en It Hearrenfean. Op dat terrein stean de gemyske bedriuwen Johnson Polymer, Ciba en Bosma Transport.

De plannen binne foaral wichtich om't de bedriuwen op de grins fan twa gemeenten lizze. De plannen binne dan ek ûndertekene troch fertsjintwurdigers fan beide gemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)