200 opjeftes foar feteranedei
Twahûndert fan de 500 feteranen yn Ljouwert ha har opjûn foar in gearkomste, nije wike tongersdei, op de fleanbasis yn Ljouwert. It is dan lanlike feteranedei. De feteranen yn Ljouwert wurde ûntfongen op de fleanbasis.
Under oare boargemaster Dales, wethâlder Marco Florijn en seis riedsleden binne by de gearkomste oanwêzich. Ek CDA-keamerlid Kortenhorst is útnoege.