'Mear Friezen winkelje yn Grins'
De ûndernimmersferiening Groningen Cityclub sil yn it Frysk advertearje om mear Friezen nei de stêd te lûken. Ut ûndersyk hat bliken dien dat der net sa'n soad Friezen yn Grins komme te winkeljen.
Om dat te feroarjen sil de ûndernimmersklub de binnenstêd promoatsje yn it Frysk. Der binne yntusken al posters makke mei de tekst 'Keapsnein yn Grins'.