Lûdsisolaasje by spoar net djoer

© Omrop Fryslân
De lûdsisolaasje fan nijbouhuzen oan it spoar op It Hearrenfean sil net in soad jild kostje. Dat ferwachtet wenningkorporaasje Arqin. De lûds- isolaasje is nedich, as yn de takomst alle kertieren in trein oer it trajekt Ljouwert-Zwolle komt. No is dat noch ien kear yn de healoere.
Arqin sloopt ynkoarten 190 huzen yn de wyk De Akkers flakby it spoar en ferfangt se troch nijbou. Dêrby kin men rekkenhâlde mei mear treinferkear.