Boete foar net earmerken skiep

22 jun 2006 - 10:07

Boer Thom de Groot út Grou hat tiisdei in proses-ferbaal krigen omdat syn skiep gjin earmerken ha. De Groot rûn by in kontrôle fan de AID tsjin de lampe. By in boer út Boalsert barde tiisdei itselde. It is yn Nederlân ferplichte om skiep te earmerken. De Groot beskôget dat as mishanneling.

Yn 1992 kaam De Groot ek al yn opstân tsjin it earmerken fan kij. Troch in spesjale regeling mei er syn kij no op oare wize registrearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)