Aart Vierhouten wint NN-Tour

22 jun 2006 - 09:38

De tredde edysje fan de Noord- Nederland Tour is woansdei wûn troch Aart Vierhouten. Hy wûn de sprint yn Ljouwert. Der wiene in soad útfallers yn de koers fan Grins nei Ljouwert. Dat kaam benammen troch de hurde wyn.

Fierder waarden guon hurdfytsers yn it Grinzer Haren en ek wer yn Ljouwert de ferkearde kant út stjoerd. Dat barde twa jier ferlyn ek al. It oare jier giet de wedstriid wer fan Ljouwert nei Grins. Bêste Fries wie Lieuwe Westra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)