Oerlêst homo's A7 nimt ôf

22 jun 2006 - 08:01

De oerlêst fan homo's op rekreaasje- terrein Ulesprong neist de A7 by Sint Nyk nimt ôf. Boargemaster Kuiper fan Skarsterlân is tefreden oer de ynset fan in befeiligingsbedriuw dy't op it rekreaasjeplan oanwêzich is.

It tafersjoch duorret oant augustus. As der dan noch homoseksuelen nei it rekreaasjeterrein komme foar iepen- biere seks oarwaget de boargemaster dy frijende homo's te fotografearjen om se út de anonimiteit te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)