H'fean wol elk oanslute op rioel

22 jun 2006 - 08:00

Gemeente It Hearrenfean wol it hiele bûtengebiet oanslute op it rioel. Dêr wurdt acht miljoen euro foar útlutsen. It giet om goed 850 wenten dy't noch net oansluten binne op it rioel. De bewenners moatte sels 1500 euro bydrage.

Wa't yn it ferline al in eigen bydrage betelle hat, krijt jild werom. De oanslutingen moatte tsjingean dat der ôffalwetter op it oerflakwetter telâne komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)