Agraryske Dagen rêden

© Omrop Fryslân
De Agraryske dagen yn Frjentsjer binne rêden. It festival dat alle jierren yn septimber yn Frjentsjer hâlden wurdt, siet lang yn swier waar. De gemeente hie de subsydzje fan 11.000 euro stop- set en kaam foar in fuotbaltoernoai op it Sjûkelân mei in rekken fan 2500 euro foar de hier fan it fjild.
De Stichting Agraryske Dagen woe en koe dy rekken net betelje. Yn in petear mei de gemeente binne de rekkens no kwytskolden.