B en W op besite yn Frijheidswyk

21 jun 2006 - 12:04

Boargemaster en wethâlders wiene tiisdei op besite yn de Ljouwerter Frijheidswyk. De achterstânswyk krijt geregeld besite fan de pommerantenn. Se komme om te sjen wat der mis is.

It giet de lêste jierren wat better mei de wyk. Mar dochs binne der noch in soad klachten oer drugsoerlêst, ûnfeilige ferkearssituaasjes en it dumpen fan grut húshâldlik ôffal op strjitte. De bewenners wolle graach dat dêr wat oan dien wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)