Famke ferstoarn op skoalreiske

21 jun 2006 - 10:30

In famke (13) út Tilburch is op skoalreiske yn Fryslân ferstoarn. Se waard op sylkamp yn Boarnsweach samar net goed en ferstoar yn it sikehûs. It famke hie gjin sûnensklachten. Seksje moat útwize wat de deadsoarsaak is.

De skoalle wie mei trijehûndert bern op ferskate lokaasjes yn Fryslân. De groep fan it famke is moandei nei it stjergefal daliks nei hûs ta gien. De oaren gean tiisdeitemiddei werom yn stee fan freed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)