Goeie sifers foar Antonius Snits

© Omrop Fryslân
It giet goed mei it Antoniussikehûs yn Snits: der ha it ôfrûne jier mear minsken west en dêrtroch hat it sikehûs mear winst makke as ferwachte.
Der wie rekkene op 300.000 euro winst, mar it Antonius hâldt 1,6 miljoen euro oer, oer 2005. De minsken dy 't nei it Snitser sikehûs komme binne tefreden, docht bliken út eigen ûndersyk: de pasjinten jouwe de dokters en ferplegers in 8,5. Der binne ek minder klachten.