Wettertaksy yn Harns

20 jun 2006 - 23:37

Harns krijt twa wettertaksy's op proef. De sloepen Michiel de Ruijter en Tjerk Hiddes binne in inisjatyf fan de Frisian Yacht Club, de gemeente en de Maritime Akademy. Learlingen fan dy seefeartskoalle binne de stjoerlju.

De taksy's kinne op syn heechst tsien klanten tagelyk ferfiere. De wettertaksy is te bestellen op in 06-nûmer. Opstappe kin op ferskate plakken yn Harns. As de proef oanslacht, wurdt it definityf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)