Slingerjend oer rûnwei Snits

© Omrop Fryslân
In 32-jierrige man út Grins hat moandeitejûn de súdlike rûnwei yn Snits ûnfeilich makke. Slingjerend en heal út it rút hingjend seach de plysje him foarbyriden. De man is oanhâlden en krige in rydferbod fan in oere foar te folle drinken.
Achter yn 'e wein waard boppedat ek noch 51 gram weed en in soad jild oantroffen. De softdrugs binne yn beslach naam. De man is oerbrocht nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk.