Fryske kaaidiken te leech

© Omrop Fryslân
In fjirde part fan 'e kaaidiken yn Snits, Dokkum, Tirns en Warten is te leech. It giet om 22 kilometer yn beboud gebiet. Ek op oare plakken yn de provinsje is sa'n 15 persint fan de diken te leech. Dat kin problemen opsmite as it wetterpeil omheechgiet.
It Wetterskip Fryslân is sûnt 2001 dwaande mei it ferbeterjen en opheegjen fan de kaaien. Oant no ta wie dat benammen yn lanlik gebiet, mar no is it ek yn bewenne gebiet.