Nije asfaltlaach op A31

© Omrop Fryslân
De A31 tusken Harns en Ljouwert krijt de kommende wiken in nije asfaltlaach. It giet om in bysûnder soart tinne en lûdsdempende asfalt.
It ferkear der no al lêst fan, want de op- en ôfritten fan Frjentsjer binne no al ticht. It ferkear wurdt omlaat oer Dronryp. Fan takom wike ôf is op it hiele stik Ljouwert-Harns mar ien rydbaan beskikber. Ynformaasje oer de omliedings stiet op buorden oan 'e dyk en op www.vananaarbeter.nl.