Solar Race no al súkses

© Omrop Fryslân
De earste Frisian Solar Challenge moat noch úteinsette, mar is neffens de organisaasje no al in súkses. Sa binne der mear dielnimmers as tocht en is der in soad ynteresse út it bûtenlân.
Fan de 28 boaten op sinne-enerzjy komme seis net út Nederlân. Dêrneist hawwe guon oare bûtenlânske teams sein dat se oer twa jier ek meidwaan wolle. De race by de alve stêden del is de grutste foar sinneboaten op de wrâld.