Syb makket Oerol-debút yn Wyb

20 jun 2006 - 06:46

Syb van der Ploeg hie it ôfrûne wykein foar it earst yn syn karriêre in optreden op Oerol. It gie om in optreden yn de bekende Skylger diskoteek Wyb yn Midslân. "Mei De Kast woene we ek graach, mar doe wiene we te djoer foar Oerol", fertelde Syb.

Syb wie folle faker as taskôger op Oerol en wie bliid dat er dêr no ek in kear sjonge koe. Wat Van der Ploeg oangiet is hy takom jier wer fan de partij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)