Weening net yn 'Noord-Nederland'

19 jun 2006 - 23:07

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema docht woansdei net mei oan de tredde edysje fan de Noord-Nederland Tour. Dy grutte wedstriid begjint yn de stêd Grins. De einstreek leit nei krapoan 220 kilometer yn Ljouwert.

Weening moat fan syn ploechlieding oars oan it wurk. Snein waard bekend dat de 25-jierrige hurdfytser wol opnommen is yn de ploech foar de Tour de France, dy't op sneon 1 july begjint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)