Klachten fleanbasis akseptabel

19 jun 2006 - 22:52

By de fleanbasis binne dit wykein 26 klachten binnenkaam fan lûdsoerlêst troch de fleanshow. Dat is in oantal dêr't de organisaasje mei libje kin.

Dúdlik is ek dat plysje en de lieding fan de basis de ferkearssitewaasje evalueare sille. Sneon en snein ûntstie betiden gaos op de tagongsdiken, mar dochs bleau de plysje folhâlden dat der neat oan 'e hân wie. Fierders ha in soad besikers guod ferlern of lizze litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)