Brân yn konteners op It Fean

19 jun 2006 - 17:10

Yn in pear smoargenskonteners oan de Tormentil op it Hearrenfean hat snein brân west. Omwenjenden hearden ek in pear knallen. Nei alle gedachten kaam dat fan lege spuitbussen. Fjouwer konteners binne ferlern gien. Yn ien gefal wie der ek skea oan in garaazje.

De plysje giet út fan brânstifting. Ek op in oar plak oan de Tormentil hat brân west. By in hûs is in hage foar in part ôfbaarnd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)