Man oanholden foar fjochterij

19 jun 2006 - 17:05

Op it Saailân yn Ljouwert is sneintejûn in 24-jierrige man oanholden foar mishanneling. De Ljouwerter hie yn de botsauto's op de merke in jonkje bedrige. Doe't de heit dêr wat fan sei, woe de fertochte de man te liif.

Omstanners wisten dat foar te kommen, mar even letter kaam de man werom mei in pear oare minsken. Sy begûnen doe dochs noch mei de heit fan it jonkje te fjochtsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)