Breed programma Friesland Vaart

© Omrop Fryslân
Friesland Vaart is dit jier folle mear as allinnich mar boatsjefarre. Der komme ek in kongres oer wettertechnology, films, en plakken mei har eigen tema.
Friesland Vaart is takom wike. Dit kear kinne de boatsjefarders kieze út in westlike en in eastlike rûte troch Fryslân. De eastlike rûte is mei 300 oanmeldings wat populêrder as de westlike lus. Dy hat goed 200 dielnimmers.