Koegelwieck hat stikkene motor

© Omrop Fryslân
De Koegelwieck hat snein op ien motor fan Skylge nei Harns farre moatten. By de ôfreis yn de haven fan Skylge die ien fan de twa motors it net mear. Op heale krêft is de oars sa rappe boat dochs ôfset.
Passazjiers rûnen in fertraging op fan in oere. Fearboat de Midsland is ynskeakele om de tsjinsten fan de Koegelwieck oer te nimmen. It is op dit stuit topdrokte fanwege it Oerol-festival. De boaten farre wer op skema.