Ynslach yn heechspanningsmêst

© Omrop Fryslân
Monteurs fan NUON binne by Hearrenfean drok dwaande om in heechspanningsmêst te meitsjen. Tsjin it ein fan de moarn is de wjerljocht ynslein yn de mêst op it yndustryterrein tusken Aldehaske en it Hearrenfean.
Dy ynslach wie yn in isolaasjeketting mei in spanning fan 110.000 folt. De ynslach hat gjin direkte gefolgen foar de stroomfoarsjenning yn de omkriten. By in steuring wurdt direkt oerskeakele op in oar netwurk.