Dochs wetter yn Hoarnstermar?

19 jun 2006 - 15:17

De gemeente Skarsterlân besjocht opnij oft it mooglik is om de polder fan de Hoarnstermar by de Jouwer wer ûnder wetter te setten. Ferline jier wie der in soad ferset tsjin it plan, benammen fan boeren. De gemeenteried skode de beslútfoarming doe foar him út.

It gemeentebestjoer hat no besletten dat der in ûndersyk komt nei de Hoarnstermar. Ek in nije farrûte fan de Jouwer nei de Terkaplester Poelen wurdt dan ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)