Iepen dagen basis goed ferrûn
De iepen dagen fan de fleanbasis yn Ljouwert ha mei sa'n 200.000 besikers in grut sukses west. Dat seit plakferfangend kommandant Peter Tankink. Neffens de plysje en ek ferfierder Connexxion ha der gjin grutte problemen west by de fleanshow.
It ferkear op de A31 hat sneontejûn noch wol in skoft stadich ride moatten. Ek op de A32 en N355 stiene sneon lang files. De lêste besikers binne 20.30 oere by de bussen brocht.