Ynbrekkers Ljouwert oanholden

19 jun 2006 - 10:46

De plysje yn Ljouwert hat sneintenacht twa ynbrekkers oanholden op it dak fan in pân oan de Harnsertrekwei yn de haadstêd. In befeiligingsmeiwurker krige de manlju yn de gaten doe't hy it lûd fan in slyptol hearde yn it pân. De plysje wist de ynbrekkers dêrnei te pakken op it dak fan it gebou. Se hiene in slyptol en in akkuboar by har. Yn it gebou waard ek noch in rêchsek mei ark fûn. De twa binne oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)