PvdA: 'sloop pleatsen foarkomme'

© Omrop Fryslân
De Partij fan de Arbeid yn Ljouwert wol foarkomme dat yn de nijbouwiken Suderbuorren en de Súdlannen pleatsen sloopt wurde. De partij stelt dêr fragen oer oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.
Der wurdt al jierren praat oer de beskerming fan pleatsen yn it bûtengebiet fan Ljouwert, dy't net op de monumintelist stean. Sels de âldste pleats op Noardein ûnder Wytgaard stiet net op de list.