Omstanners hâlde autodief oan

© Omrop Fryslân
De auto fan in 25-jierrige Ljouwerter is sneontejûn stellen yn Ljouwert. De eigner seach mei in tal freonen dat ien mei syn auto fuortride woe. Se rûnen der achteroan, koene de doar iepen meitsje en de dieder fêsthâlde.
De dieder besocht fuort te kommen troch tusken in boukontener en in winkel troch te riden. Dat slagge lykwols net. Hy ried tsjin de gevel fan in winkel op. De plysje hat de man, in 39-jierrige Ljouwerter, oppakt.