Nynke wol nei it bûtenlân

© Omrop Fryslân
Sjongeres Nynke Laverman wol mei har Frysktalige fado- en wrâldmuzyk nei Nederlân ek it bûtenlân feroverje. De sjongeres fertelde dat freed flak foar har optreden op it Griene Strân fan Skylge. Nynke Laverman wie freed de alderearste act fan it Oerol-festival.
Nynke fynt it in útdaging om net allinnich yn teaters, mar ek op festivals te sjongen. "Dêr komme minsken dy't net spesjaal foar dy komme, dy moatst feroverje."