Steigenga wint Ronde Kerspelen

© Omrop Fryslân
Op hurdfytser Sierd Steigenga stiet dit seizoen gjin maat. Sneontemiddei helle de renner út Eksmoarre syn achtste oerwinning fan dit seizoen. Hy wûn yn Droegeham de Ronde fan de Kerspelen.
Steigenga wie de rapste yn in kopgroep fan trije man. Peter Olde Dubbelink waard twadde en Richard de Jonge tredde. Steigenga is gjin profesjonele hurdfytser. Hy is yn it deistich libben plysjeman.