Fleanshow sneontemiddei op tv

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân sil sneontemiddei bylden fan de fleanshow op de Iepen Dei fan de fleanbasis live útstjoere op tv. Op sneontemiddei komme ûnder oare de ferneamde Amerikaanske Blue Angels yn aksje. Fierder binne der optredens fan 'e Switserske en Frânske luchtmacht en fan Nederlânske F-16's.
It is foar it earst dat bylden fan fleanshow fan 'e luchtmacht live op tv te sjen binne by in regionale omrop. It programma begjint om 13.00 oere.