Feest nei oerwinning oranje

© Omrop Fryslân
It grutste part fan de Friezen hat freed de WK-fuotbalwedstriid Nederlân-Ivoarkust sjoen. Klaaid yn it oranje, 90 minuten yn spanning, wachtsjend foar in goal. It waard in 2-1 oerwinning foar Nederlân.
It wie in spannende wedstriid want Ivoarkust like nei de 2-0 sterk werom te kommen. Oranje is no fersekere fan in plak yn de twadde ronde. Yn ferskate kroegen barste nei de wedstriid it feest los.