Lits-Lauwersmarrûte iepene

© Omrop Fryslân
De fernijde Lits-Lauwersmarrûte is freed offisjeel iepene, krekt op tiid foar it nije farseizoen én Friesland Vaart. De farrûte leit goed 30 km ôf tusken Drachten en de Lauwersmar.
Alle brêgen op de rûte binne ferhege oant 3 meter. Der binne tal fan oanlisplakken realisearre, it wetter is op djipte brocht en der binne fytspaden oanlein. Der is goed 10 miljoen euro ynvestearre. De rûte is ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt.