Brân Hearrenfean net oanstutsen

© Omrop Fryslân
De brân yn in bedriuwssammelgebou op It Hearrenfean is net oanstutsen. Dat docht bliken út ûndersyk fan de technyske resjerzje. Tiisdeitemoarn wie der brân yn it gebou oan de Ynfeart. De brân is ûntstien yn de bar fan de Muzykfabryk.
Dat bedriuw ferkeapet en ferhierd muzykynstruminten en hat ek oefenrûmte foar bands. Hoe't it fjoer ûntstien is, is neffens de plysje net mear te achterheljen.