Eigner ratteslang noch net fûn

16 jun 2006 - 16:02

De eigner fan de ratteslang dy't fannewike fûn waard yn Grou hat him noch net melden. Ofrûne tiisdei waard de slang fan goed 50 sintimeter oantroffen yn de achtertún fan in hûs oan de Earste Oosterveldstrjitte en earst waard tocht dat it om in gefaarlike boa konstriktor gie.

Nei ûndersyk die bliken dat it giet om de folle minder gefaarlike Lintheimer's ratteslang. De slang sit no yn de biste-opfang yn Marsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)