Aquario ferdûbelet omset wer

© Omrop Fryslân
It wetterketenbedriuw Aquario wettermanagement út Snits hat foar it fjirde jier achter inoar har omset ferdûbele. Yn 2005 waard in omset fan 3 miljoen euro helle en in posityf resultaat fan 100.000 euro.
Oandielhâlders Vitens en Wetterskip Fryslân ha Aquario fiif jier lyn oprjochte mei it doel om tsjin de leechst mooglike maatskiplike kosten it rioelbehear foar gemeentes te fersoargjen.